
It doel fan de Stichting Freonen fan De Rot is:
1. It behearen en it yn stân hâlden fan in histoarysk sylskip fanút maatskiplik belang en fierders al wat mei ien en oar streekrjocht of sydlings ferbân hâldt of dêrta befoarderlik wêze kin, alles yn de romste sin fan it wurd.
2. De Stichting besiket har doel ûnder mear te ferwêzentlikjen troch it eksploitearjen fan it skip en it winnen fan fûnsen en sponsors en it regeljen fan subsydzjes foar de foarmelde aktiviteiten. Dit skip, boud yn 1887, hat in rike skiednis en is in wichtich kultureel erfgoed foar it doarp De Rottefalle. De stichting stribbet dernei om De Rot te behâlden as farrend monumint en op in duorsume, emisjeleaze wize yn de feart te hâlden.
Werom nei De Rottefalle:
De Rot is yn 1887 boud yn opdracht fan de kastleins fan ‘Herberg de Koekoek’ en ‘Herberg Het Wapen van Smallingerland’ fan De Rottefalle. It skip hat jierren lang tsjinst dien as beurtskip fan De Rottefalle nei Ljouwert. Nei ferskate omswervingen is it skip yn 1978 troch Ruud de Haan út Spaarndam kocht. Ruud de Haan hat it skip restaurearre en safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombrocht. De famylje De Haan hat der jierren lang mei fearn en se hawwe mei De Rot in soad nautyske eveneminten yn hiel Nederlân besocht. Foar syn ferstjerren yn 2009 hat Ruud de Haan oanjûn dat er De Rot graach werom hawwe wol yn de oarspronklike thúshaven yn De Rottefalle. It wie ek de spesjale winsk fan de famylje De Haan om dit te realisearjen.
Fan begjin 2010 ôf hawwe in tal minsken it inisjatyf naam dizze unike kâns, om De Rot nei De Rottefalle te heljen, fierder út te wurkjen. De Rot is it âldste noch farrende izeren skûtsje. Mei de oankeap fan dit unike skip wurdt in kultureel erfgoed behâlden en in stikje histoarje fan De Rottefalle bewarre. Om it ien en oar mooglik te meitsjen is der in stichting yn it libben roppen. De stichting hat as doel it oankeapjen en it yn de feart hâlden fan De Rot. De Rot hat ûnderwilens in fêst lisplak yn de haven fan De Rottefalle en wurdt folop brûkt foar rûnfearten en tochten foar gasten en sil geregeld oanwêzich wêze by nautyske eveneminten. De oankeap fan De Rot soarget foar de nedige publisiteit en PR foar it doarp De Rottefalle. De stichting hellet de opbringsten út de ferhier en it fersoargjen fan de tochten en hat dêrneist de stipe nedich fan donaasjes en jeften oan de ‘Freonen fan de Rot’.
Aktiviteiten fan de Stichting
1. Restauraasje en ûnderhâld:
De stichting hat De Rot safolle mooglik werombrocht yn de oarspronklike steat en soarget derfoar dat it skip feilich brûkt wurde kin foar farrende gasten.
2. Rûnfearten en tochten:
De Rot wurdt folop brûkt foar rûnfearten en tochten foar gasten en is geregeld oanwêzich by nautyske eveneminten yn Fryslân. Yn ferbân mei de wettelijke regeljowing meije we net mear as tolve beteljende gasten oan board ha.
Yn it farseisoen , fan maeije oan’t septimber, farre we alle tongerdeijûnen mei losse opstappers (beteljende gasten) út de regio. Neist dizze jûnsfearten ken de Rot ek boekt wurden foar midjestochten foar famyljes en bedriuwen.
De informaasje oer de prizen is op de webside te fynen de boekingen ken fia de webside dien wurde.
3. Edukative en rekreative fartochten:
Yn gearwurking mei it IVN ( Instituut Voor Natuuurbeschermingseducatie) wurdt De Rot ynset foar natuerekskurzjes op De Leijen. Dêrneist wurde der rekreative en toeristyske fartochten organisearre op ûnder oare De Leijen en de Burgumermar.
Yn gearwurking mei de skoalle fan De Rottefalle wurde de bern belutsen by de eveneminten fan de Rot.
4. Eveneminten:
De Rot is belutsen by ferskate maritime eveneminten yn Fryslân, lykas eveneminten fan Arcadia yn Fryslân, De Admiraliteitsdagen yn Dokkum, De Turfvaart yn Appelskea en De Strontrace yn Warkum. Yn 2023 waard it Iepenloftspul Izer opfierd yn De Rottefalle ta gelegenheid fan it 135 - jierrich bestean fan De Rot.
5. Fûnswerving:
Om de aktiviteiten útfiere te kinnen, soarget de stichting foar fûnsen en sponsors en regelet subsydzjes. De opbringsten komme út de ferhier en it fersoargjen fan de tochten en donaasjes en jeften oan de Stichting Freonen fan De Rot. De Stichting hat rom 80 donateurs út De Rottefalle en de omjowing.